Fergese hiv-test yn MCL

04 nov 2010 - 11:10

Sikehûs MCL yn Ljouwert jout yn de lêste wike fan novimber de gelegenheid om fergees in hiv-test te dwaan. Minsken dy't witte wol oft se wol of net it hiv-firus ûnder de lea hawwe, kinne dêr in ôfspraak foar meitsje. De útslach is nei 20 minuten bekend.

De fergese test wurdt oanbean yn it ramt fan de wrâld-aids-dei dy't op 1 desimber is. Minsken kinne folslein anonym meidwaan oan dy test, der moat allinnich yn it foar in ôfspraak makke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)