Dieven oppakt yn Koatstertille

De plysje hat woansdei yn Koatstertille trije Litouske winkeldieven (17, 18 en 28) oanhâlden. De mannen waarden trappearre doe't se parfum stelle woene by in supermerk. Se flechten in maisfjild yn. Mei help fan ynwenners en in plysjehûn kaam de plysje de mannen op it spoar.
Twa waarden oppakt by in taksysintrale en ien tusken hynders yn it lân. Yn de auto fûn de plysje allerhande stellen guod. De mannen sitte fêst. De auto dy't se brûkten wie ek stellen.