Leenstra en De Vries NK-klear

Marrit Leenstra en Sjoerd de Vries binne klear foar it Nederlânsk kampioenskip reedriden yn Thialf. De 21-jierrige Leenstra fan Wikel is nei twa teloarstellende seizoenen by TVM no op har plak by it team fan Hofmeier. Se rydt fjouwer ôfstannen op it NK. Se jout harsels de measte kâns op de 1500 meter.
Sjoerd de Vries (22) fan Twellingea begjint oan syn fjirde seizoen by trainer Jac Orie. Hy wol op de 1000 meter wrâldbekerdielname ôftwinge.