Gjin animo foar hûs Nij Beets

Der is kwalik belangstelling om it hûs yn Nij Beets fan de poppemoard te keapjen. Hierders fan wenningbouferiening Elkien dy't foarrang hiene foar keap, wolle it net ha. Bûten de hierders om hat him mar ien belangstellende melden. Dy komt út de omkriten fan Nij Beets.
Op de souder fan de wenning waarden begjin augustus fjouwer deade poppen yn koffers fûn. De tuskenwenning moat neffens de makelder op syn minst 117.500 euro opbringe.