Mear parkearromte Drachten

Smellingerlân sil foar desimber goed santich ekstra parkearplakken realisearje by it busstasjon oan de Vogelzang yn Drachten. De gemeente komt dêrmei de ûndernimmers yn it sintrumgebiet temjitte. Dy fine dat der oan de noardkant fan it sintrum te min parkearplakken binne.
It plan foar mear parkearromte by Vogelzang is klear en tiisdeitejûn hat de gemeenteried grien ljocht jûn foar de útfiering.