Gemeente mist belied eksternen

Sa'n tweintich prosint fan de leankosten fan de gemeente Ljouwert giet nei ekstern personiel. Neffens de rekkenkeamer hat de gemeente gjin dúdlik fizy op it ynhieren fan ekstern personiel. De gemeente wit noch net wat te dwaan mei de eksternen mei it each op de besunigings. Dat is neffens rekkenkeamer wol needsaaklik.
Troch de besunigings ferdwine 80 oant 100 wurkplakken. De gemeente giet der fan út dat der gjin twongen ûntslaggen falle.