Ynbrekker nei tips oppakt

03 nov 2010 - 10:21

De plysje hat tiisdei in Drachtster (20) oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan in ynbraak yn in hûs oan de Wier yn Drachten. By dy ynbraak ferlear de dieder in petsje. De plysje sette dêr in foto fan op dadergezocht.nl.

Troch tips en ûndersyk kaam de plysje úteinlik by de Drachtster út. Hy hat tajûn dat er ynbrutsen hat en dat er it stellen guod ferkocht hat oan in plakgenoat (21). Tsjin beide manlju is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)