From (CDA) stapt út steaten

03 nov 2010 - 09:44

Jan From stapt út de CDA-fraksje fan de provinsjale steaten en jout ek syn sit op. Hy makke dit woansdei bekend yn de steaten. From kin him net fine yn it nije regear fan VVD en CDA mei stipe fan de PVV.

From ûndertekene as ien fan de earsten it manifest tsjin de gedoochsteun. Hy hat earst ôfwachte hoe't de polityk yn de praktyk útwurkje soe. From is teloarsteld yn de CDA-politisy. From wol hjir net oan meidwaan. Wol bliuwt From lid fan it CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)