Haaien werombrocht yn Waadsee

Oer sa'n 50 jier soene der wer haaien en roggen yn de Waadsee sitte kinne. Om dat foarelkoar te krijen moatte der earst mear mosselbanken bykomme en ek it seegers moat wer werom yn de see. Undersiker Tjisse van der Heide fan de Universiteit Grins wol fan 't maitiid úteinsette mei de oanlis fan de mosselbanken ûnder Skiermûntseach, Amelân en Skylge.
De universiteit sil ûndersykje wat de ynfloed dêrfan op de Waadsee is. As it oanslacht geane se fierder mei seegers.