Ljouwert pakt WMO oan

02 nov 2010 - 22:55

De gemeente Ljouwert wol in eigen bydrage ynfiere foar minsken dy't gebrûk meitsje fan húshâldlike soarch. Ek krije minsken net mear sa maklik in rollator of skootmobyl.

De gemeente komt mei dizze maatregels omdat der in tekoart is fan 3,5 miljoen op de WMO. Dit komt foaral troch hegere kosten yn de húshâldlike help en de kosten foar it ferfier. Minsken blike mear soarch te krijen as se eins nedich ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)