Twadde kâns foar Hamburger

02 nov 2010 - 19:50

Roeier Sjoerd Hamburger moat besykje fia in twadde kâns de finale te heljen op it wrâldkampioenskip yn Nij-Seelân. De âld-ynwenner fan Aldeberkeap einige yn de Holland-acht yn de searje as fjirde. Dêrmei bleaune se allinnich Ruslân foar.

De Nederlânske ploech hat no noch wol sicht op de finale, mar sil dan yn de herkânsing better prestearre moatte. Ferline jier helle de Nederlânske ploech, doe noch sûnder Hamburger, in brûnzen medalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)