Bêste gehakbal út Ternaard
Slachter Theo Smit út Ternaard makket de bêste gehakbal fan Nederlân. De slachter krige de priis op in fakbeurs foar slachters yn Amsterdam.
Neffens de sjuery hat Smit de bêste yngrediïnten en gearstalling fan de gehakbal. Neffens de sjuery wie de kwaliteit fan de gehakballen fan alle dielnimmers fan in hege kwaliteit.