VMBO'ers yn beweging

VMBO'ers bewege fierste min. Kristlike skoallemienskip Comenius yn Ljouwert is dêrom begûn mei it projekt VMBO in beweging. Comenius wol sa sport ûnder de belangstelling bringe. Fierder is it de bedoeling dat yn gearwurking mei sportferienings safolle mooglik learlingen ek bûten skoaltiid oan it sporten geane.
Yn de gymseal wie tiisdei de ôftraap fan it projekt. Bern koene fuotbalje mei in Cambuurspiler, sporte op de wii-spulkompjûter of les krije yn dûnsjen.