Goeie priis foar jirpels

02 nov 2010 - 16:33

Boeren dy't konsumpsjejirpels ferbouwe, krije dêr dit jier in baas priis foar. Ek al is de rispinge yn hiel Nederlân wol wat minder, de hege prizen meitsje dat mear as goed. Yn Fryslân wurde lykwols benammen poaters ferboud, mar ek dizze boeren hoopje yndirekt mei te profitearjen fan de priisstiging fan de konsumpsjejirpels.

De hege prizen betsjutte nammentlik dat dy boeren mear jild om hannen ha om poaters te keapjen. Dat wie de ôfrûne trije jier wol oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)