FrieslandCampina duorsum

02 nov 2010 - 16:28

FrieslandCampina sil fan takom jier ôf allinnich noch duorsume palmoalje ynkeapje. Dat hat de suvelûndernimming tiisdei bekend makke. De palmoalje komt fan kontrolearre tyld, wêrby't streng sjoen wurdt nei it foarkommen fan ûntbosking yn Súdeast-Azië.

Organisaasjes as it Wereld Natuurfonds en Solidaridad sjogge dêrop ta. Earder dit jier kundige FrieslandCampina al oan dat de sûkelade foar de de poeiermolke oer fjouwer jier folslein duorsum wêze moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)