Woestyntapuit op Skier

De 'woestyntapuit' is in lyts en tige seldsum fûgeltsje dat dit jier noch net sjoen is yn Nederlân, op ien plak nei. En dat iene plak dêr't de fûgel al sjoen is, is Skiermûntseach.
Der komme dizze dagen wol mear meldings fan de Waadeilânnen oer bysûndere fûgels, mar dizze tapuit (heidehipper) is wol wat spesjaals, fine de meiwurkers fan Natuurmonuminten op Skiermûntseach. Se komme ûnder oaren foar yn Kazachstan.