Doarpsbelangen Kol'lân lilk

De doarpsbelangen fan Kollumerlân binne poerlulk oer de foarnommen besuniging fan 40 persint op de doarpsbelangen. De gemeente wol fierder 30 persint besunigje op de boarterstunen en ek oare ferienings sa as muzykkorpsen moatte flink ynleverje.
De jierlikse bydrage de ynwenner giet fan 66 nei 11 sint. Neffens de doarpsbelangen set de gemeente dêrmei de leefberens op it spul.