Gemeente betellet Timpaan net

Lemsterlân wol net de enerzjykosten fan it Pop- en Aktiviteitesintrum op 'e Lemmer foar syn rekken nimme. Wolwêzenorganisaasje Timpaan Welzijn hiert dat gebou fan de gemeente, mar kin de enerzjykosten fan sa'n 15.000 euro net betelje. Dat soe úteinlik te'n koste gean kinne fan de aktiviteiten en it jongerewurk.
B&W fan Lemsterlân fûnen dat lykwols te fier gean en stelden dêrom foar dat de gemeente de rekken betelje soe. De gemeenteried stimde dêr moandei tsjin.