Koperdieven wer aktyf

De plysje ûndersiket twa gefallen fan koperstellerij. Op It Hearrenfean waard sneon in frachtweinkombinaasje stellen mei koperôfval. De frachtauto stie parkeard by in bediuw oan de Ljouwerterstrjitwei.
By in bedriuw oan de Cohenwei yn Ljouwert is it wykein kopertried stellen. De dieders ha wierskynlik it ôfrûne wykein har slach slein. Se binne op it terrein kaam troch in stek te fernielen en útnaaid mei acht stroomkabels mei in lingte fan 25 meter.