Goedkeape enerzjy minima

02 nov 2010 - 08:48

Der moat in kollektyf enerzjykontrakt komme foar de minima yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Dat wol de PvdA Súdwest-Fryslân. De enerzjy soe dan goedkeaper wurde. Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Utrecht hawwe hjir al konkrete plannen foar en de PvdA fjilt hjir ek wol foar.

De partij wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in ûndersyk begjint nei de helberheid fan in kollektyf enerzjykontrakt foar minima.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)