Grûn ruilje foar Sintrale As

In advertinsje moat miening Sintrale As beynfloedzje
In part fan de boeren dy't troffen wurdt troch de oanlis fan de Sintrale As is moandei yn Wâlterswâld waarm makke foar in frijwillige kavelruil. Foar de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea is in soad boerelân nedich. Der binne aanst ek boeren dy't net of dreech by har lân komme kinne. Dat kin oplost wurde troch mei oare boeren grûn te ruiljen.
Minsken dy 't gjin lân kwyt wolle foar de oanlis fan de dyk, kinne ûnteigene wurde.