Marktplaats foar boeren
De nije webside boerenspul.nl moat de marktplaats foar boeren wurde. De 14-jierrige Michael Leistra fan Menaam hat de side makke, dêr't allegearre twaddehânsk boereguod op te keap wêze sil lykas trekkers en platte weinen.
De ferwachting is dat de side www.boerenspul.nl op 18 novimber te sjen wêze sil op ynternet.