Jubileum SBB mei ferhalesite

Bewenners fan Skylge wurde oproppen om ferhalen oer it eilân en de relaasje mei Steatsboskbehear oan te leverjen foar in nije webside. Dat moat in webside mei ferhalen opsmite dy't in part fan 'e hûndert jier lange skiednis fan Steatsboskbehear op it eilân werjout.
De ynternetside is in inisjatyf fan natoerbehearder Steatsboskbehear. De redakje fan 'e website is wol ûnôfhinklik, sa wurdt fersekere.