Frysk súkses NK pencak silat

01 nov 2010 - 19:26

By it Nasjonaal Kampioenskip Pencak Silat wiene de Fryske dielnimmers wer tige súksesfol. Pencak Silat is in fan oarsprong Yndonezyske selsferdigeningsport. De Ljouwerters Jan van Houten en Dennis Scholten binne opnij nasjonaal kampioen wurden yn de klassen oant 75 en oant 70 kilo. Patrick Pronk fan Stiens waard kampioen yn de gewichtsklasse ûnder de 65 kilo.

De sporters komme allegear út foar de sportskoalle Bongkot út Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)