Soad fraach nei boeken Mulisch

01 nov 2010 - 17:42

Yn Fryslân is de ferkeap fan de boeken fan Harry Mulisch flink omheech gien. De skriuwer ferstoar ôfrûne wykein. Hy hie al in skoft kanker.

Harry Mulisch hat by syn libben net faak foar in lêzing yn Fryslân west. De skriuwer spruts it leafste foar organisaasjes mei jild en it honorarium fan 5000 gûne wie it Fryske publyk te djoer. Yn 1993 wie Mulisch yn Ljouwert op fersyk fan de stifting Freonen fan de iepenbiere bibleteek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)