CDA: soarch oer Rottum

01 nov 2010 - 16:27

Skarsterlân moat net alles op alles sette om Terherne binnen har grinzen te krijen. Dat fynt de riedsfraksje fan it CDA. De partij hat grutte soarch oer de grinsdoarpen Rottum en Haskerdiken/Nijbrêge. Hearrenfean soe dy doarpen opeaskje kinne as wikseljild foar Terherne.

De skermutselingen yn it grinsgebiet fan de twa gemeenten binne net nij. Earder wie der in soad te dwaan oer 200 bunder grûn by Rottum dy't fan Skarsterlân nei Hearrenfean gie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)