Miskommunikaasje oer asbest

01 nov 2010 - 14:41

Troch miskommunikaasje is in partij yllegaal dumpte asbestplaten krekt bûten Wynjewâld hast in wike lang lizzen bleaun. De asbestplaten binne dêr nei alle gedachten op snein 24 oktober yn de berm smiten en pas ôfrûne freed opromme.

Neidat omwenjenden de gemeente warskôgen, skeakele dy moandei in spesjalisearre bedriuw yn om de boel op te romjen. Mar dat barde pas dagen letter. De gemeente wist net dat it bedriuw pas sa let yn aksje kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)