'Fjoerwurkferfier gefaarlik'

It ferfieren fan 3200 kilo yllegaal fjoerwurk is folslein ûnferantwurde. Dat sizze eksperts op dat mêd. In Donkerbroekster waard dit wykein mei sa'n bulte fjoerwurk yn syn bestelbuske fan de A28 helle. Hy hie tsien kear safolle fjoerwurk by him as tastien is by legaal fjoerwurkferfier.
Gewoanwei mei der yn in bestelbuske mar 320 kilo ferfierd wurde. En sels dat is bûn oan strange regels, sizze saakkundigen fan it Ljouwerter fjoerwurkfabryk Schuurmans.