Stedsbussen fergees op sneon

01 nov 2010 - 11:32

Yn ferbân mei de twadde krystperioade dat de parkeargaraazje fan it Saailân yn Ljouwert ticht is wurde der tal fan publyksfreonlike inisjativen naam. It gebiet om it Saailân wurdt sfearfol oanklaaid. De stedsbus is alle sneonen yn novimber en desimber fergees.

Der is ek in priisfraach wêrby't in auto, in elektryske fyts en in navigaasjeset te winnen binne. De gemeente Ljouwert hat hjirfoar ekstra finansjele middels beskikber steld. De garaazje giet yn maart 2011 iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)