Drankrider op Skylge botst
Op Skylge moast in 43-jierrige ynwenner fan Swol sneintemiddei syn rydbewiis ynleverje omdat hy tefolle dronken hie. De man hie in oanriding feroarsake op de Willem Barentszkade.
De plysje waard der byroppen en dy konstatearre dat de man dronken hie. Tsjin de man út Swol is proses-ferbaal opmakke en hy krige in rydferbod fan fyftjin oeren.