Hallumer bistepark opknapt

It bisteparkje yn Hallum is folslein opknapt. Sneon wie de offisjele weriepening yn it sintrum fan it doarp. In soad frijwilligers ha de ôfrûne tiid yn 't spier west om nije hokken, stekken en paden te meitsjen. Fierder hat de pleatslike Fûgelwacht ek noch in til foar sweltsjes pleatst.
Doarpsbelang Hallum wie de inisjatyfnimmer fan de opknapbeurt. De provinsje, de gemeente Ferwerderadiel en in tal fûnsen en stipers hawwe it jild dêrfoar op it kleed brocht.