Biskop De Korte nei Hjerbeam

Biskop Gerard de Korte
Biskop Gerard de Korte komt op 23 novimber nei Hjerbeam om de fiering fan it 35-jierrich jubileum fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam by te wenjen. Dat is yn 1975 oprjochte omdat der net mear genôch Herfoarme tsjerkeleden wienen om de doarpstsjerke oerein te hâlden.
Dat is slagge. Der wurde om de snein oekumenyske tsjerketsjinsten yn it Frysk holden en de tsjerke sit altyd fol mei minsken fan alle leauwen of tsjerken.