Wapens by ferkearskontrôle

By in ferkearskontrôle yn Dongeradiel, Achtkarspelen en Dantumadiel hat de plysje sneontenacht fjouwer minsken oanhâlden foar ferbean wapenbesit en bedriging. De plysje fûn in wapen en in krúsbôge mei pylk yn de auto wêrnei't de ynsitters arrestearre binne. It giet om twa mannen fan 24 en ien fan 20 út Gerkeskleaster en in frou fan 21 út Visvliet.
Yn totaal kontrolearre de plysje 363 automobilisten op ferskate plakken yn de trije gemeenten.