Ljouwerter koperdief oanholden

31 okt 2010 - 13:57

In 37-jierrige Ljouwerter is sneon oanholden foar it stellen fan koper. Tsjûgen fertrouden it net doe't de man him fertocht gedroech yn in âld skoalgebou oan de Cornelis Trooststrjitte. De warskôge plysje fûn op it dak in tas mei koper. Boppedat wie de bliksemôflieder ferdwûn.

Doe't de plysjes boppe noch mei it ûndersyk dwaande wiene, koene har kollega's ûnder de fertochte oanhâlde doe't dy besocht út te naaien. It koper is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)