Man slacht mei barkrukken

In 32-jierrige Jobbegeaster is sneontenacht op de Noardkade yn Drachten oanholden foar fernielings. De man hie him yn in hoarekasaak ferfelend gedroegen en mei barkrukken slein. Hy waard troch portiers út de saak set. Omdat er it dêr net mei iens wie, foel er de portiers oan.
Dêrop waard er mei hurde hân bûten de doar set. De fertochte pakte doe in pealtsje en fernielde mei opsetsin de doar fan it bedriuw. Doe't de plysjes him oanholden, misledige de man harren.