Ferlies follybalfroulju Snits

31 okt 2010 - 12:46

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn kânsleas mei 3-1 ferlern fan Pollux. De earste set waard mei 25-16 ferlern. Yn de twadde set kamen de froulju fan trainer Rob Spaanstra werom nei in efterstân fan seis punten en wûnen de set mei 26-24.

Dêrnei wie de fut derút en waard de tredde en fjirde set ferlern mei 25-21 en 25-20. Snits hat no út fjouwer wedstriden twa punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)