Maria Sterk kampioen en tredde

Maria Sterk mei de medaljes fan dit wykein (foto: Martin de Jong)
Maria Sterk is sneon yn Assen Nederlânsk kampioen wintertriatlon wurden. Nei 5 kilometer draven, 25 kilometer fytsen en 10 kilometer reedriden hie de ynwenster fan Hallum 39 sekonden foarsprong op Bianca Broers-Duursma fan De Lemmer.
Op sneontejûn ried Maria Sterk de twadde maraton fan it seizoen op Thialf. Achter Foske Tamar van der Wal en Jolanda Langeland waard Sterk tredde.