Hearrenfean wint útwedstriid

30 okt 2010 - 23:34

Sportklup Hearrenfean hat foar it earst dit seizoen in útwedstriid wûn. Yn Rotterdam waard Excelsior mei 2-0 ferslein. Hichtepunten yn de earste helte wiene der amper. Nieveld foar de Rotterdammers en Dost foar de Feansters rekken de peal.

Nei it skoft wie der mear aksje. In kertier foar tiid fûn Assaidi Grindheim en dy sette Bas Dost yn stelling: 0-1. Assaidi makke sels in pear minuten foar tiid de 2-0 foar SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)