Strânrit mei 320 Friezen

30 okt 2010 - 17:36
  • De strânrit mei 320 Friezen yn Kallantsooch

320 Fryske hynders diene sneontemiddei yn it Noardhollânske Kallantsooch mei oan in strânrit fan trije oeren. In unyk barren, want noch nea wiene safolle Fryske hynders byinoar foar in rit oer it strân. Sa'n fyftich Fryske ruters, mar ek ruters út Dútslân diene oan de strânrit mei.

Fanwege it moaie hjerstwaar luts it evenemint in soad taskôgers. Foar de hynders sels wie it ek bysûnder. De measten hiene noch nea de see fan tichtby besjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)