Hark.Boys - Excelsior 31: 2-2

30 okt 2010 - 16:49

Topklasser Harkemase Boys hat yn in net al te bêste wedstriid op de Bosk mei 2-2 gelykspile tsjin Excelsior '31 út Rijssen. Harkemase Boys begûn striemin oan de wedstriid. Excelsior kaam yn de earste helte dan ek fertsjinne op in 1-0 foarsprong.

Yn de 58ste minút wie it Roel van der Meulen dy't de lykmakker makke. Excelsior kaam wer op foarsprong, mar Martijn Barto soarge yn de ekstra tiid foar de 2-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)