Terherne wol by Skarsterlân

30 okt 2010 - 15:18

Manmachtich hawwe ynwenners fan Terherne harren sneon ynskreaun by de gemeente Skarsterlân. Se fersette harren tsjin it plan fan Boarnsterhim om Terherne nei de weryndieling by Hearrenfean ûnder te bringen.

De Terhernsters wolle in plattelânsgemeente bliuwe. Dêrom hat doarpsbelang safolle mooglik ynwenners optrommele om dit stânpunt dúdlik te meitsjen. De ried fan Boarnsterhim moat ein novimber noch in beslút nimme oer it foarstel fan b. en w.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)