Stimbus Top 100 wer iepen

30 okt 2010 - 14:13

Op de lêste dei fan de Fryske Muzykwike is de stimbus foar de Fryske Top 100 wer iepengien. Der kin stimd wurde op www.frysketop100.nl, mar de stimmen kinne sneontemiddei ek tillefoanysk trochjûn wurde oan Fryske artysten op de redaksje fan 'e Omrop.

Under oare Country Wietske, Jaap Louwes en Hermien Swart sitte klear om jo stimmen op te skriuwen. Haadredakteur Jan van Friesland sil ek - foar it earst - syn Fryske Top 5 jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)