Jonges mei fjoerwurk oanhâlden

In 16-jierrige ynwenner fan Wolvegea en in 15-jierrige ynwenner fan Steggerda binne freed yn de Andries Veenstrastrjitte yn Wolvegea oanhâlden foar it ôfstekken fan fjoerwurk.
De plysje hie klachten oer it ôfstekken fan fjoerwurk krigen. Doe't de plysje de jonges oanspruts die bliken dat se rotsjes, romeinske kearsen en noch mear fjoerwurk by harren hiene. Se krigen in bekeuring en moasten it fjoerwurk ynleverje.