Dôfhûdige drankrider betrape

In 23-jierrige Ljouwerter hat freedtejûn syn rydbewiis ynleverje moatten, omdat hy foar de fjirde kear yn koarte tiid betrape waard op it riden mei drank op.
De begjinnend bestjoerder waard op de Plutowei yn Ljouwert oanhâlden. Op it buro die bliken dat hy wer tefolle dronken hie. Dizze kear hie dat as konsekwinsje dat er syn rydbewiis ynleverje koe.