EK kuorbal: Oranje nei finale

30 okt 2010 - 12:52

Yn de heale finale fan it Europeesk kampioenskip kuorbaljen yn Rotterdam hat de Nederlânske ploech mei 36-11 wûn fan Tsjechië. Yn in útferkocht topsportsintrum stie de ploech fan bûnscoach Jan Sjouke van den Bos mei it skoft al foar mei 15-5. Topskoarer wie Tim Bakker mei 11 doelpunten.

Snein sil Oranje yn Ahoy de finale fan it EK kuorbaljen spylje tsjin België. België wûn yn de oare heale finale mei 34-11 fan Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)