Keunststofbrêge yn Easterwâlde

30 okt 2010 - 12:33
  • De keunststof haadbrêge fan Easterwâlde

Easterwâlde hat in Europeeske primeur mei de earste brêge fan de keunststof komposyt. Komposyt is in keunststof dy't ek yn de fleantúchbou brûkt wurdt. Dizze manier fan in brêge bouwen is hiel duorsum.

Komposyt is trije kear minder skealik foar it miljeu as stiel en beton. Boppedat kinne de swierste frachtauto's der oer ride. De nije brêge leit yn it midden fan it âlde sintrum fan Easterwâlde oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)