Film Festival noch noardliker

30 okt 2010 - 10:32

It Noardlik Film Festival rjochtet him fan dit jier ôf mear op films en dokumintêres út Noard-Europa. In grut part fan it filmoanbod komt tenei út Skandinavië, de Baltyske steaten en de Benelúks. It festival hat mear as 40 films op it programma, in grut tal dêrfan belibbet syn premjêre.

Mei dizze koers wol it Filmfestival binnen in pear jier it Nederlânske festival fan de noardlike film wurde. It filmfestival is dit jier fan 10 oant en mei 14 novimber yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)