Nije brânwachtkazerne Starum

De plakette yn de nije brânwachtkazerne
Oan de Marwei yn Starum is freed in plakette ûntbleate om de start te markearjen fan de bou fan de nije brânwachtkazerne. Der wurdt al in pear moannen wurke oan de bou.
Loko-boargemaster Sjors Eijling wie der by doe't de plakette ûntbleate waard. Hy sei dat it belangryk is dat de brânwacht goed oplaat is en beskikke kin oer goeie materialen. De oplevering fan de nije brânwachtkazerne yn Starum is oer in pear wike.