Steuring yn needstroomsysteem

De stroomsteuring by Omrop Fryslân is feroarsake troch in probleem yn it needstroomsysteem. Hoe't dy krekt ûnstien is, moat noch útsocht wurde.
Freed om healwei fiven waarden de radio- en televyzje-útstjoerings ûnderbrutsen. Alle apparatuer dy't nedich wie kaam sûnder stroom te sitten. Nei 26 minuten begongen de radio-útstjoeringen wer, earst provisoarysk, yn de rin fan de middei kamen hieltyd mear systemen wer beskikber.