SC Cambuur wint fan Telstar

29 okt 2010 - 22:59

SC Cambuur hat freed de thúswedstriid tsjin Telstar mei 2-1 wûn. In terjochte oerwinning foar de Ljouwerters, dy't lykwols muoisum ta stân kaam. Maachi makke yn de 42e minút de 1-0 foar Cambuur.

Yn de 49e minút kaam Telstar op 1-1 troch Gyasi. By dy stân miste Beekmans yn de 69e minút in penalty. Correia fan Telstar krige in reade kaart. Tsjin tsien man wist Serhat Koç yn de 76e minút de winnende treffer binnen te koppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)